Ds. Veen: "Tsjerke yn doarp hat wichtige sosjale funksje"

God ferwynt sa stadichoan út Nederlân, sa liket it. Mear as 80% fan de Nederlanners komt nea yn tsjerke en fynt dat religy ek gjin bepalende rol spylje moat yn polityk en ûnderwiis. Dit docht bliken út ûndersyk dat yn opdracht fan de KRO útfierd is. Neffens ds. Margarithe Veen, foarsitter fan de Fryske Ried fan Tsjerken, jildt dy trend ek foar Fryslân, al hat de tsjerke hjir benammen yn de doarpen noch wol in wichtige sosjale funksje.
Boppedat fynt frou Veen se dat sifers net alles sizze.
Yn it ferline hearden in soad minsken by in tsjerke omdat soks sa hearde, net om't se der echt mei ferbûn wiene. "Al zijn de aantallen kleiner, we zijn blij met de mensen die nog wèl komen", sa seit ds. Veen. Margarithe Veen wennet yn Achlum en is predikant fan de protestanske gemeente Achlum-Hitsum.