SBS6 makket Piet Paulusma-pop foar nij satirysk programma

Waarman Piet Paulusma krijt in rol yn in nij satirysk poppeprogramma fan SBS6. Fan acht april ôf komt it programma 'Wat een poppenkast!' alle wiken op telefyzje. Njonken de pop fan Piet Paulusma binne yn it programma ek poppen te sjen fan ûnder oare Eva Jinek, Mark Rutte, Geert Wilders, de broerkes De Boer en de Kening en Keninginne.
De stimmen fan de poppen komme fan ûnder oare Edwin Evers, Jeroen van den Boom en Kasper van Kooten.