Plysje rukt út foar nachtlike drokte by boatebedriuw Akkrum

© ANP
De plysje fan It Hearrenfean en Ljouwert krige moandeitemoarn betiid in melding oer in mooglike ynbraak by in boatebedriuw oan De Spikerboar yn Akkrum. In tsjûge seach even nei fjouwer oere moarns minsken op it terrein. Se laden in boat op in trailer.
De tsjûge warskôge de plysje, mar dy kaam om 'e nocht: de minsken op it terrein wiene meiwurkers fan Boot Akkrum. Sy makken har klear om nei de boatebeurs Hiswa yn Amsterdam ta te gean. Dochs wienen sawol de plysje as de meiwurkers bliid mei de alerte tsjûge.