Drankrider op snorfyts moat rinnende nei hûs

© ANP Lex van Lieshout
De Ljouwerter plysje hat sneintejûn in dronken snorfytser oanhâlden op de Heliconwei. It gie om in 39-jierrige Ljouwerter. Hy waard meinommen nei it plysjeburo om te blazen. De útslach wie sadanich dat de man rinnende wer nei hûs moast. Hy moast ek syn rydbewiis op it plysjeburo litte.
De man mei him yn juny foar syn gedrach ferantwurdzje by de plysjerjochter.