Man út Opsterlân oanhâlden foar mishanneling

Pepperspray
De plysje hat yn de nacht fan snein op moandei op De Westereen pepperspray ynset om in dwerse man - fan 26 jier - út de gemeente Opsterlân oan te hâlden foar mishanneling. De plysje woe de man oppakke foar mishanneling, mar de man fersette him sa bot, dat de plysje pepperspray brûke moast om de man yn de boeien te slaan en oer te bringen nei it sellekompleks.
De man soe ferskate minsken mishannele hawwe, sûnder dat dêr oanlieding ta wie. Ek soe hy ferskate saken fernield hawwe. De man sit no fêst foar fierder ûndersyk.