Anouska Koster op poadium yn Dwingeloo

13 mrt 2016 - 21:43

Anouska Koster fan De Westereen is snein tredde wurden yn de Drentse Acht van Westerveld. Koster siet yn in kopgroep fan trettjin froulju fan dizze hurdfytskoers oer 140 kilometer. Yn de einsprint yn Dwingeloo moast se allinne de Kanadese Leah Kirchmann en Christine Majerus foargean litte.

Marianne Vos, ploechgenoate fan Koster, die foar it earst wer mei yn wedstriidferbân.Vos hie sûnt maaie 2015 oan 'e kant stien omdat se oertraind wie.

Trefwurden: 
hurdfytsen Anouska Koster
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)