Wrâlderfguod Waadsee wint priis op ynternasjonale beurs

13 mrt 2016 - 17:19

Op de ynternasjonale toerismebeurs yn Berlyn is it Wrâlderfguod Waadsee yn de prizen fallen. De organisaasje krige in tredde priis yn de kategory 'reisondersteuning en media'. De organisatoaren fan de priisútrikking wiene ûnder de yndruk fan de útstrieling fan de stand fan it Wrâlderfguod Waadsee en oer de learsume en ôfwikseljende aktiviteiten dy't der wienen.

De beurs waard ôfrûne wike hâlden en der wienen sa'n 7000 organisaasjes út de toeristyske sektor.

It Wrâlderfguod Waadsee strekt him út oer 500 km lâns de Noardseekust fan Denemarken, Dútslân en Nederlân en is it grutste systeem yn de wrâld fan sânbanken dy't drûchfalle en kwelders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)