Keunstner makket houtsnijwurk yn sike beammen

13 mrt 2016 - 15:33

De keunstner Rolf Döderlein de Win út Boarnburgum hat snein de lêste hân lein oan in fjirtjintal keunstwurken yn de bosken fan Beetstersweach. Hy hat houtsnijwurken fan bekende Friezen makke yn sike beammen. De beammen moatte meikoarten kapt wurde.

It giet dan bygelyks om Grutte Pier en de advokaten Hans en Wim Anker. It projekt wurdt útfierd yn gearwurking mei it Fryske Gea en foarmet in rûte troch de bosk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)