Margot Boer nimt yn Thialf ôfskied fan it reedriden

Margot Boer © ANP
Sprintster Margot Boer fan Goaiïngaryp nimt snein ôfskied fan it reedriden. Dat docht se by de wrâldbekerfinale yn Thialf op It Hearrenfean. Snein stiet dêr ûnder oare de 1000 meter foar froulju op it programma.
Margot Boer is yn har karriêre fjouwer kear Nederlânsk kampioene sprint wurden en ek fjouwer kear Nederlânsk kampioene op de 500 meter by it NK ôfstannen. By de Olympyske spelen fan 2014 helle Boer as earste Nederlânske sprintster brûns op de 500 meter. In dei letter stie se ek as tredde op it earepoadium fan de 1000 meter.