1500 minsken oan start survivalrun Koatstertille

13 mrt 2016 - 12:05

Yn Koatstertille geane snein 1500 minsken fan start foar de Biddle survivalrun. Dat is in rekôrtal dielnimmers. De survivalrun wurdt foar de 15de kear holden. It giet oer in parkoers fan 12 kilometer mei 55 hindernissen. It giet om in wedstriid op nasjonaal nivo, mar der dogge ek in protte rekreative rinners mei.

De rekreanten kinne kieze foar in ôfstân fan 5, 8 of 11 kilometer. De organisaasje yn Koatstertille ferwachtet mei it moaie waar ek in protte publyk.

Trefwurden: 
survivalrun Koatstertille
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)