Suzanne Schulting wint superfinale op WK shorttrack

Suzanne Schulting fan De Tynje is snein fyfde wurden op it WK shorttrack yn Seoul. De jonge Friezinne - se is 18 - wûn de ôfslutende superfinale oer 3 kilometer. Dêrtroch klom se trije plakjes yn it algemien klassemint. Earder op de dei waard Schulting fyfde yn de finale fan de 1.000 meter. Yn dy finale foel se flak foar de einstreek en krige se in penalty.
De wrâldtitel waard wûn troch Min-jeong Choi út Súd-Koreä. Tanksy it plak fan Schulting by de bêste acht mei Nederlân takommend jier op it WK yn Rotterdam mei trije froulju meidwaan.