UNIS Flyers wint yn earste wedstriid heale finale fan Geleen

12 mrt 2016 - 23:00

De iishockeyers fan de UNIS Flyers hawwe sneontejûn yn de earste wedstriid fan de heale finale fan de play-offs mei 5-3 wûn fan Geleen. It team docht dêrmei goede saken mei it each op in mooglike finaleplak. Yn Thialf kamen de Feansters yn de earste perioade al gau op in 1-0 foarsprong troch Turcotte. Pas yn de twadde perioade kaam de wedstriid hielendal los. De iishockeyers rûnen út nei 4-2, en koene yn de lêste perioade mei 5-3 de winst pakke.

Snein spilet de klup de twadde wedstriid yn de heale finale fan de play-offs om de BeNeLeague yn Geleen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)