Basketballers Aris winne fan Den Bosch

Spilers fan Aris (argyffoto) © Twitter Eric Ennema
De basketballers fan Aris hawwe sneontejûn mei 88-74 wûn fan lânskampioen Den Bosch. Yn Ljouwert hie de ploech fan trainer Klaas Stoppels, dy't Michael Schuurs op it stuit ferfangt, in goede start. Aris kaam mei 28-13 foar, en koe nei it twadde kwart útrinne nei 40-24. Nei winst yn it tredde part waard it úteinlik in oerwinning fan 88-74 foar de Ljouwerters. Josiah Heath wie mei 21 punten de tûkste Aris-skutter.
Oer oardel wike spilet Aris de folgjende wedstriid, thús tsjin de basketballers fan Leiden.