Auto slacht oer de kop op 'e A32 by It Hearrenfean

By in ûngelok op 'e A32 by It Hearrenfean is sneontemiddei in auto fan de sneldyk rekke en oer de kop flein. De auto kaam inkelde meters leger yn 'e berm ta stilstân. Der soene trije minsken yn de auto sitten hawwe. De ynsittenden, fuotballers fan in klup út Wâldsein, binne sels út de auto kaam, en soene allegearre licht ferwûne rekke wêze.
De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok.