Nederlânske froulju twadde op ploege-efterfolging yn Thialf

Ireen Wüst, Marrit Leenstra en Antoinette de Jong binne sneon as twadde einige op de ploege-efterfolging by de wrâldbekerfinale op It Hearrenfean. Yn in streekrjocht duel wienen de Japanske froulju Nederlân krekt de baas. Japan wint dêrmei ek it wrâldbekerklassemint, foar de Hollânske froulju dy't twadde wurde. It tredde plak op it iis fan Thialf wie foar Poalen. Yn einklassemint waard Ruslân tredde.
De Nederlânske froulju waarden earder wrâldkampioen yn dizze formaasje op it ûnderdiel ploege-efterfolging. Doe wisten se Japan krekt foar te bliuwen.
Manlju
Ronald Mulder, Kai Verbij en Stefan Groothuis pakten wol de winst op it ûnderdiel teamsprint. De Nederlanners wisten de riders fan Kanada mei ien hûndertste foar te bliuwen. Troch de winst wint Hollân ek it einklassemint. Ruslân wurdt twadde yn de einstân, it tredde plak is foar Kanada.