'Lentebierenfestival' yn skouboarch De Harmonie

12 mrt 2016 - 17:29

Yn skouboarch De Harmonie yn Ljouwert is it noardlike 'Lentebierenfestival' hâlden. It is de fjirde edysje fan it Lentebierenfestival en der binne yn totaal achttjin brouwers op ôfkaam, dy't harren drankjes litte sjen.

Neffens Jos Walstra fan de organisaasje is it doel fan it festival om de lytse brouwers yn it sintsje te setten, mar is it ek de bedoeling om minsken bekend te meitsjen mei spesjaalbier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)