Sven Kramer wint 5 kilometer yn Thialf, Bergsma twadde

12 mrt 2016 - 16:42

Sven Kramer hat sneon de 5 kilometer op syn namme skreaun by de wrâldbekerfinale op it iis fan Thialf. Yn in streekrjocht duel mei Jorrit Bergsma klokte Kramer in winnende tiid fan 6.11.44. Bergsma waard twadde yn in tiid fan 6.12.74. It tredde plak wie foar de Noar Sverre Lunde Pedersen mei 6.16.36. Dat waard ek de einstân yn de top trije fan it einklassemint fan de wrâldbeker.

Arjan Stroetinga klokte mei 6.19.18 in nij persoanlik rekôr, dat goed wie foar it fiifde plak. Douwe de Vries einige mei 6.23.23 as achtste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)