De Minimarkt: in nij winkel foar minima yn Ljouwert

Yn Ljouwert is sneontemoarn in nije winkel iepene spesjaal foar minima. De winkel hjit dan ek Minimarkt. Eltsenien is wolkom, mar minsken mei mar in bytsje jild kinne goedkeaper of sels hielendal fergees winkelje. Der is iten te keap, mar ek boartersguod en klean.
As de formule it goed docht yn Ljouwert wol inisjatyfnimmer Simon de Jong mear fan dit soarte winkels iepenje yn Fryslân.