Kultuerprizen Achtkarspelen foar Hoeksma en Postma

Wethâlder Marten van der Veen mei de priiswinners Postma en Hoeksma © Binne-Louw Katsma
De gemeente Achtkarspelen hat freedtejûn op in kulturele jûn yn Bûtenpost syn twajierlikse kultuerprizen útrikt. Winners binne túnkeunstner en dichter Heikie Hoeksma fan De Harkema en gitariste Nina Postma fan Surhústerfean. Dy lêste krige de oanmoedingspriis jong talint.
Beide hawwe in keunstwurk krigen en in jildbedrach. Achtkarspelen wol mei de prizen it kulturele klimaat yn Achtkarspelen stimulearje. Der wiene fjouwer kandidaten nominearre foar de kultuerpriis Achtkarspelen.