Boekewike bliuwt belangryk foar de boekhannel

12 mrt 2016 - 11:41

De 81e Boekewike is sneon útein set mei as tema 'Was ich noch zu sagen hätte', oftewol Dútslân. Der is foar dit tema keazen, omdat Nederlân en Flaanderen yn it middelpunt steane op de kommende edsysje fan de Frankfurter Buchmesse, de grutste boekebeurs fan de wrâld.

Yn de boekewike kinne klanten by oankeap fan in boek it boekewikegeskink mei krije. Dat is dit jier it boek 'Broer' fan Esther Gerritsen. De boekewike duorret oant en mei 20 maart. Foar boekhannel Van der Velde is de boekewike de drokste wike fan it jier.

Trefwurden: 
boekewike boeke
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)