Kollum: "Meidwaan"

12 mrt 2016 - 08:57

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.

"Trije deputearren en wat fan it âlde en dus hast ôftanke amtnersfolk fan de provinsje ha juster in tsjerke skjinmakke. Dat is logysk, der komt net in minske mear yn in tsjerke, no dan waakst it stof suver op de bankjes yn sa’n heech gebou. Dat gebou wie de tsjerke fan Huzum, om goed sjen te litten hoe kristlik dit provinsjale bestjoer wol net is. Plasterk mei om harren de sneinswet net ynlûke. Ik bedoel, yn dit tiidrek binne frijwilligers nedich yn de opfang fan flechtlingen en yn de sûnenssoarch, dêr't de oerheid der sels foar soarge hat dat soks nedich is, en je tinke fuort net oan de smoarge tsjerken. Wy, gewoane frijwilligers, wy binne fansels fan it skjinmeitsjen op ’e hichte hâlden troch de selfys fan deputearre Poepjes.

Dy set harsels sels op de foto efter in deasketten holle út de tiid fan de slach by Boksum yn 1586. Se laket der ek noch by, wylst de lju yn Amsterdam fan 'e wike noch al wat oeral wiene doe’t se dêr in deade holle fûnen. De trije deputearren makken dy tsjerke yn Huzum skjin fanwegen de aksje NL doet. In aksje, optúcht mei hotemetoten dy’t sjen litte dat se bêst frijwilligerswurk dwaan wolle, mar de rest fan it jier net ien yn it paad rinne sille. Suver beskamsum is dat de ôfdieling foarljochting fan de provinsje dit sa graach oan Fryslân witte litte wol, wylst se fan de wichtiger saken amper wat fertelle. REC en wynmûnen, dêr bin we mei dwaande. Wetsus, noch net oer neitocht. Boarringen yn Winaam, dêr moat we noch oer prate. Mar dat de kommissaris wol in ljipaai yn it lân lotterje wol, en dat trije deputearren de tsjerke fan Huzum skjinmeitsje, dat is ynienen it wichtichst. Mar ja hear, wy media sokkebalje derefter oan. Dus net seure.

Foar it oare, de kommissaris en de twa oare deputearren diene net mei. Dy hiene oare ferplichtingen stie der. Dan bin ik altyd sa benijd hokker ferplichtingen dat binne. En wol dat ôfwage tsjin in skjinne Huzumer tsjerke, mar dat wurdt my net jûn. Dat wie ek sa opfallend oan it artikel yn de Ljouwerter Krante oer de polityk yn Smellingerlân. Se meitsje in searje oer de polityk, moai. Lêze, want jimme moat ea wer stimme. De LC registrearret net wat der yn de riedsseal bart, se fertelle wat we oars nea hearre. En dat is in soad, want yn Drachten fergaderje se leafst wat stikem. En se gean nei de tiid ek nei in oare kroech as gewoane minsken.

Sels de SP-lju dogge dêr no oan mei. Dat betsjut, seit de LC, dat de opposysje in Drachten net safolle mear foarstelt. Dêr skrok ik fan. Kwak je it CDA en de VVD der út, dan wurdt der dus gjin goede opposysje mear fierd. En sit de SP yn it bewâld, dan doch je mear stikem. Twa kear de omkearde wrâld. Lokkich bin der ek oaren. De gemeente Súdwest-Fryslân hat petearen opset mei ynwenners fan de gemeente. Soenen oare lju dêr trouwens ek oan meidwaan kinne. Dogge Sietske Poepjes en Jehannes Kramer, ynwenners fan de gemeente, ek mei. No ja, yn elk gefal der wurdt praat. Watte, fantastyske bedragen meie dy lju besunigje. Wêr’t se op útkomme yn de earste ronde is twa dingen. Ien: it bestjoer fan de gemeente moat him nearne mear mei bemuoie. Al de ôfdielingen oan it wurk en elke moanne it spul by it kolleezje en de ried dellizze en sizze: tekenje. Dat soe jild besparje. Klinkt goed.

En de twadde wize fan besunigjen: de belestingen omheech en de ynwenners moat sels mar strjitfeie, ûnkrûd wjûdzje en soksoarte saken. Dus de ynwenners fan Súdwest-Fryslan stelle foar dat de ynwenners fan Súdwest-Fryslân mear belesting betelje moatte en mear sels dwaan moatte. In jittikmiger soe sizze dat se allegearre lju útsocht ha dy’t dat wol betelje of dwaan kinne. Dat is net sa. Je koene nammentlik fantefoaren dizze útkomst ek wol foarspelle. Wy wolle allegearre graach dat de gemeente dat en dat docht, fierstentefolle. Mar dat skrasse de ynwenners dus sels net. Bliuwt oer dat it goedkeaper is as in gemeente neat docht. Tink dêr mar ris oer nei."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)