Noch gjin dúdlikheid foar bewenners fan Drachtster flat

11 mrt 2016 - 17:03

It is noch hieltyd net dúdlik wannear't de bewenners fan de flat oan de Nachtegaalstrjitte yn Drachten wer nei hûs kinne. Trije wenten binne dêr tydlik ûnbewenber ferklearre nei de brân fan woansdeitemiddei. Neffens in wurdfierder fan WoonFriesland kin it lykwols noch wol in lange tiid duorje foar't de minsken wer nei hûs kinne. Dêrom is de wenorganisaasje no mei de bewenners oan it sjen oft se in tydlik wenplak krije kinne.

Op it stuit sliepe de minsken by freonen of famyljeleden. Troch eksperts wurdt fêststeld hoe grut de skea is en dêrnei sil der troch oannimmers in planning makke wurde foar it opknappen fan de flat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)