Oerbelêste mantelsoargers krije tenei stipe fan gemeenten

© Omrop Fryslân
Mantelsoargers yn sân gemeenten yn Noardwest-Fryslân kinne tenei stipe krije. Oerbelêste mantelsoargers kinne by saneamde gebietsteams fan de gemeenten telâne foar advys en ûndersteuning. It doel is om de soarchferlieners te fersterkjen en de taak fan de mantelsoargers te ferlichtsjen. Op dy wize soe fierdere oerbelêsting tsjingien wurde moatte.
Sûnt 1 jannewaris 2015 is de lanlike regeling Mantelzorgcompliment ferfallen. Gemeenten binne sels ferantwurdlik makke foar de ûndersteuning fan de mantelsoargers. It budzjet dat it Ryk beskikber stelt, wurdt no yn Noardwest-Fryslân dus brûkt foar it helpen fan soargers dy't oerbelêste binne of dat driigje te reitsjen.