Grutte soargen by âlden oer learlingeferfier nei oernames

11 mrt 2016 - 15:43

Grutte soargen by âlden fan bern dy't mei in taksybuske nei it spesjaal ûnderwiis brocht wurde. Yn de taksywrâld binne falliseminten en oernames oan 'e oarder fan 'e dei. Taksybedriuw Beimers is koartlyn oernommen troch VMNN út Assen. Beimers rydt yn Fryslân yn it gebiet rûnom Ljouwert, Frjentsjer en Stiens. De âlden fan bern dy't gebrûk meitsje fan dit learlingeferfier binne benaud dat de fêste sjauffeurs fan de buskes har baan kwytreitsje.

Foar bern mei in beheining binne fêste gesichten op it deistige buske hiel belangryk.

Fêste gesichten

De sjauffeurs kenne de bern, se witte hokker oandwaning de bern hawwe, se witte wat se dwaan moatte as der ûnderweis wat mei de bern oan de hân is. De âlden wolle dêrom it leafst de fêste gesichten hâlde. 

Wurk kwyt

De oername fan Taxi Beimers troch it bedriuw VMNN út Assen hat as gefolch dat guon sjauffeurs har wurk kwyt reitsje. Yn in reaksje seit de nije eigener ta dat 65% fan de sjauffeurs syn wurk hâldt, mar mooglik wol mei oare arbeidsbetingsten. De nije sjauffeurs moatte allegear op kursus sadat se omgean kinne mei bern mei in beheining.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)