FNP, CDA wolle Skûlenboarch en Westkearn gau ûntwikkelje

11 mrt 2016 - 14:25

FNP en CDA yn Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel wolle faasje meitsje mei de ûntwikkeling fan Skûlenboarch en de Westkearn. Der binne plannen foar in bedriuweterrein oan it wetter, wêrby't bedriuwen it transport oer it wetter regelje kinne. Dat is neffens de partijen in flinke ympuls foar beide gemeenten. It soe foar in ferdûbeling fan de wurkgelegenheid soargje kinne.

Tastimming foar de oanlis fan it bedriuweterrein is al in pear kear útsteld. Yn april praat de provinsje oer de plannen.

FNP en CDA wolle no dat der dan echt in beslút naam wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)