Overgoor en Van de Streek fraachtekens by Cambuur

11 mrt 2016 - 13:21

It is noch ûnwis oft Sander van de Streek en Sjoerd Overgoor spylje kinne foar Cambuur yn de útwedstriid snein tsjin Heracles. Van de Streek hat lêst fan de heup en Overgoor ûnderfynt hinder fan de hamstring. Beide spilers binne posityf. Sy hawwe freed de training folslein meidien. Martijn van der Laan spilet net. Hy hat de gryp.

Heracles sit op dit stuit net yn syn sterkste perioade. "Maar ze hebben nog steeds een goede ploeg en staan niet voor niets waar ze staan" sa seit Cambuur trainer Marcel Keizer, dy't wer gjin opstelling jout.

Earder dit seizoen ferlear Cambuur mei 6-1 fan Heracles. Oussama Tannane skoarde doe fjouwer kear. Tannane spilet no foar St. Etienne yn Frankryk. Jamrio Monteiro is oproppen foar de nasjonale ploech fan Kaapverdië. Dat lân spilet op 26 maart in kwalifikaasje wedstriid foar de Afrika Cup tsjin Marokko.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)