Frysk strjitfestival is dit jier mar ien dei

11 mrt 2016 - 12:28

It Frysk strjitfestival sil dit jier mar op ien dei holden wurde op sneon 28 maaie. Dat is twa dagen minder as oare jierren it gefal wie, doe't it festival op freed begûn en op snein ôfsletten waard. Organisator stedsskouboarch De Harmonie liet freed witte de nedige finansjele middelen foar it jierlikse festival net byinoar te krijen.

De wichtichste oarsaak is neffens projektlieder Margret Havinga it feit dat de provinsje har bydrage fan 70.000 euro mei de helte werombrocht hat.

Havinga tinkt dat de provinsje sa mear jild reservearje wol foar de kulturele haadstêd. Foar it Frysk Strjittefestival, dat inkelde jierren lyn noch in budzjet fan 350.000 euro hie, bestie krekt fanwege it grutte oanbod fan keunstners, artysten en muzikanten yn it sintrum fan de Fryske haadstêd, ek in soad lanlike belangstelling, sa seit Havinga.

Besjoch ek it parseberjocht fan it Frysk Strjitfestival.

Trefwurden: 
Strjitfestival
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)