Man mei twa messen bedriget yn Ljouwert

In ynwenner fan Ljouwert is woansdeitemoarn bedrige troch in man mei twa messen. Dat barde yn de sintrale hal fan de flat fan it slachtoffer, op De Bird yn de wyk Bilgaard. De plysje wit yntusken wa't de fertochte is. Dy wurdt fertocht fan it besykjen ta deaslach.
Wol siket de plysje noch in wichtige tsjûge. Dy stie op it momint fan de bedriging op it parkearplak foar de flat. It soe gean om in Turkse man fan tusken de 50 en 60 jier âld. De plysje freget de man him te melden.