Fúzje tusken twa pleatslike partijen yn Súdwest-Fryslân

Gemeentebelangen en Totaal Lokaal, twa lokale partijen yn Súdwest-Fryslân, fusearje. Gemeentebelangen ûntstie nei de fúzje fan fiif gemeenten ta Súdwest-Fryslân. Totaal Lokaal wie de aksjegroep Fan Underen en die seis jier lyn foar it earst oan de ferkiezings mei.
De leden fan beide partijen moatte noch akkoart gean mei de fúzje. Dêrnei wurdt Peter Walinga de nije fraksjefoarsitter. De nije partij hopet by de kommende riedsferkiezings op in ferdûbeling fan it tal sitten. Op dit stuit ha Gemeentebelangen en Totaal Lokaal beide twa sitten.