Skoalorkest Beyers Naudé wint orkestfestival konsertgebou

11 mrt 2016 - 10:47

Skoalorkest Beyers Naudé fan it kristlik gymnasium út Ljouwert hat tongersdei de earste priis wûn op it Orkestfestival yn Amsterdam. Oan it jierlikse festival yn it konsertgebou diene fjirtjin gymnasiale orkesten mei. Skoalorkest Beyers Naudé waard troch de sjuery priizge foar de moaie orkestklank, de goeie ôfstimming fan de koperblazers en it entûsjasme.

Mear as in kwart fan de 45 orkestleden fan Beyers Naudé bestiet út learlingen fan de earste klas. It orkest stiet ûnder lieding fan Johanna Oudejans.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)