Plysje pakt Ljouwerter mei laden fjoerwapen op

11 mrt 2016 - 08:57

De plysje hat tongersdeitemiddei in 36-jierrige Ljouwerter oppakt dy't mei in trochladen fjoerwapen oer strjitte rûn. In tsjûge seach de man op de Nijlânsdyk mei it pistoal en warskôge de plysje. In motorplysje seach in man dy't oan it sinjalemint foldie en hat him oanhâlden. It wie de 36-jierrige Ljouwerter.

By it fûillearjen fûn de plysjeman it trochladen wapen. Dat is yn beslach naam. De man is meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
fjoerwapen plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)