Frjentsjerters hawwe ferlet fan wurdboek en taalgids

10 mrt 2016 - 21:03

Der moat in wurdboek komme foar it Frjentsjerters, fynt it Genoatskap foar ut behoud van ut Franekers. Se hawwe in ienmalich 1750 euro krigen fan de gemeente. It genoatskap wol dêrmei aktiviteiten organisearje, lykas diktee-, opstel- en dichtwedstriden, bygelyks by de Agraryske Dagen.

In Ljouwerter wurdboek is der al wol, mar in Frjentsjerter noch net. En dy fariant fan it Stedsfrysk wykt sa bot ôf, dat der ferlet is fan regels foar it skriuwen. Dat wurdboek foar it Frjentsjerters moat yn 2020 klear wêze. Dit jier komt der al in taalgids.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)