Ien kontaktpersoan foar kwetsbere húshâldings yn Ljouwert

10 mrt 2016 - 18:05

Ljouwert wol minsken dy't ferlet hawwe fan stipe, better helpe troch se ien kontaktpersoan te jaan. Helpferlieningsorganisaasjes moatte ek better mei-inoar gearwurkje, seit de gemeente. Ljouwert hat dêrta mei fjouwer oare Nederlânske gemeenten oerienkomsten sletten mei trije ministearjes. Sa wolle se soargje foar nije manieren om kwetsbere húshâldings te helpen. It ferlet fan de minsken sels moat sintraal stean en net de regels. Dat is it doel fan de nije opset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)