Undersyk fersakke Drachtsterbrêge oer uterlik 4 wiken klear

10 mrt 2016 - 17:33

It ûndersyk nei de Drachtsterbrêge is noch yn folle gong. Boubedriuw Heijmans hat in earste diel fan de ûndersyksgegevens oer de brêge ynlevere by de provinsje en de gemeente Ljouwert.
De gegevens wurde no toetst. As dat klear is, kin der in oardiel jûn wurde oer de stabiliteit fan de Drachtsterbrêge. Dat sil nei ferwachting oer uterlik fjouwer wiken wêze.

Yn jannewaris lêstlyn fersakke de brêge by it leechpompen fan de akwaduktbak. Dat soarge foar in soad oerlêst foar auto's en foar omwenners fan de brêge.

Resinte mjittingen hawwe oantoand dat de brêge stabyl is. Dochs wolle de provinsje en de gemeente wis wêze oft der gjin nije fersakkingen ûntstean as der fierder wurke wurdt oan de bou fan it akwadukt en de grûn om de brêge hinne. It ûndersyksrapport moat dêr dúdlikens oer jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)