Gymnastykseal mei LED-linen, beamers en lûdsboksen

10 mrt 2016 - 17:27

De Pein hat de modernste gymnastykseal fan Nederlân. Eins mei it ek gjin gymseal mear neamd wurde; it is in bewegingskonsept mei de namme iSpace Sports. Mei beamers, lûdsboksen en LED-linen yn de flier wurde der spuleleminten makke dy't de bern en âlderein yn beweging bringe moat. Sa kinne se bygelyks oer in sabeare junglewetterke mei beweechbere fisken hinne stappe of sweve oan in tou.

De nije seal mei klaaikeamers kostet 2,5 ton. Hy is fan it Sportbedriuw Drachten.

Oft en hoefolle mear oft de bern yn beweging komme, wurdt byhâlden en ûndersocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)