NOM en bedriuwen wolle mei proef tûke bedriuwen binnenhelje

10 mrt 2016 - 15:48

Moderne bedriuwen yn de produksje-yndustry hjirhinne helje en hjir hâlde. Dat is de bedoeling fan in programma fan de Noordelijke Ontwikkelings Maatschappij (NOM) yn gearwurking mei in tal noardlike bedriuwen, kennisynstellings en de oerheid. De belutsen partijen stekke dêr mei-inoar 20 miljoen euro yn.

Noard-Nederlân moat troch it programma in proeftún wurde foar tûke bedriuwen. Dat moat seishûndert nije banen opsmite. In wichtige partij yn Fryslân dy't by it programma belutsen is, is Philips Drachten.

It programma bestiet ynearsten út tsien proefprojekten. It hat de titel Smart Industry Fieldlab Region of Smart Factories.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)