Werynrjochting stasjonsgebiet Bûtenpost giet ynkoarten los

It stasjonsgebiet yn Bûtenpost kriget in facelift © Google Street View
Yn Bûtenpost begjint ynkoarten de werynrjochting fan it gebiet om it treinstasjon hinne. Oan de noardkant fan it stasjon komme der mear parkearplakken by, der komt in kuierbrêge oer it spoar en it stasjonsgebiet sels wurdt opknapt. Fierders komt der in kuierrûte nei de botanyske tún De Krûdhôf en nei it sintrum en trije strjitten yn it gebiet wurde opknapt.
It wurk moat ein takom jier klear wêze.