Provinsje stekt jild yn de bou fan sosjale hierwenningen

10 mrt 2016 - 13:44

De provinsje Fryslân stelt goed 1,3 miljoen euro beskikber foar lytse hierprojekten. It giet om bouplannen foar trije oant tsien sosjale hierwenningen. De inisjatyfnimmers kinne hjirfoar yn de twadde helte fan maart in liening oanfreegje. Se kinne maksimaal de helte fan it boubedrach liene, mei in maksimum fan in heal miljoen euro.

De provinsje hopet sa de bou fan sosjale hierwenningen te stimulearjen.

Trefwurden: 
provinsje hierwenning liening
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)