Plysje siket eigeners fan stellen guod

10 mrt 2016 - 11:58
Dit mes waard ek fûn yn it hûs fan de fertochte - Foto: Politie Zuidoost-Fryslân

De plysje fan Súdeast-Fryslân siket de eigeners fan in partij stellen guod. Nei de oanhâlding fan in fertochte waard in ûndersyk starten en dêrby waard it hûs fan de fertochte trochsocht. Dêrby kaam it guod foar it ljocht, dat mooglik stellen is. Minsken dy't it guod herkenne kinne kontakt opnimme mei de plysje op 0900-8844.

(advertinsje)
(advertinsje)