Gjin treinen tusken Ljouwert en Harns yn it wykein
It kommende wykein (12 en 13 maart) ride der gjin treinen tusken Ljouwert en de haven fan Harns, omdat der wurke wurdt oan it spoar. Der ride op dizze dagen bussen op it trajekt. Passazjiers moatte der rekken mei hâlde dat se dêrom langer ûnderweis binne. De tsjinstregeling fan de bus stiet op de webside fan Arriva.