Tsjummearum is bliid mei trochstart fan Nij Bethanië

Doarpsbelang Tsjummearum is bliid mei de plannen fan soarchsintrum It Bilt om fan Nij Bethanië wer in soarchkompleks te meitsjen. Woansdei hawwe de inisjatyfnimmers de plannen oan it doarp presintearre.
Wol moatte de plannen yn perspektyf sjoen wurde, seit foarsitter Germ van der Mei fan doarpsbelang. It âlde konsept fan Nij Bethanië, mei 80 wenplakken, komt net werom. It wurdt lytsskaliger, mei 32 wenplakken. De plannemakkers kinne boppedat noch net los, want der moat noch tastimming komme fan it kolleezje fan sanearring.
Dat kolleezje moat grien ljocht jaan foar de oerdracht fan grûn en gebouwen fan Noorderbreedte nei wenningstichting Noordwest Friesland. Pas dêrnei kin de ferbouwing en ynrjochting fan Nij Bethanië los. It soarchkompleks gong ferline jier ticht. Eigener Noorderbreedte seach der gjin brea mear yn.