It giet wer better mei de flinters

It giet stadichoan better mei de flinterstân. Dat docht bliken út sifers fan it CBS. It is foar it earst yn jierren dat der mear flintersoarten binne dy't foarútgeane as achterút. De ôfrûne jierren hawwe natuerorganisaasjes en polityk in soad dien om de flinters te helpen.
Yn Fryslân binne op guon plakken ek spesjale planten en struken plante om mear flinters te lûken. Sa is ferline jier by It Hearrenfean in idylle oanlein: in stik grûn dat ynsiedde wurdt mei spesjaal sied, wêrtroch der mear flinters en bijen op it gebiet ôfkomme.