ECOstyle fan Easterwâlde wint BREEAM-Award

10 mrt 2016 - 07:44

ECOstyle út Easterwâlde hat tiisdei yn Londen de prestisjeuze BREEAM-Award wûn. It bedriuw krige de priis yn de kategory 'Industrial Buildings'. ECOstyle hat yn Easterwâlde in Ecomunitypark delset. It kantoar en magazyn binne hielendal duorsum boud en dêrfoar hat ECOstyle dizze wichtige priis krigen.

It park yn Easterwâlde is lykwols noch net hielendal klear. Der wurdt noch wurke oan in grutte tún en der komt noch ferljochting dy't rekken hâldt mei nachtbisten.

ECOstyle makket ekologysk ferantwurde produkten foar tún en húsbisten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)