Oranjefroulju fuotbalje definityf net op Olympyske Spelen

Vivianne Miedema fan Oranje yn duel mei Nilla Fischer fan Sweden © ANP
De Nederlânske fuotbalfroulju gean dit jier net nei de Olympyske Spelen yn Rio. Se koene woansdeitejûn yn Rotterdam de kwalifikaasjewedstriid tsjin Sweden net winne. It waard 1-1, en dêrmei fertsjinnen de Sweedske froulju in ticket foar Rio.
Al nei seis minuten kamen de Oranjefroulju op foarsprong troch in doelpunt fan Vivianne Miedema. De hiele earste helte holden se de druk der goed op. Op slach fan rêst makken de Sweden de lykmakker.
Yn de twadde helte wiene der wer goede kânsen foar de Nederlanners. Sherida Spitse fan Snits besocht it yn de 51e minút mei in skot fan ôfstân, mar de bal fleach oer. Yn de 74e minút krige se de bal ek net yn de goal.
Keepster Loes Geurts fan Hichtum hat njoggentich minuten op de bank sitten. Se komt krekt werom fan in blessuere, en hat it hiele kwalifikaasjetoernoai noch net op it fjild stien.
De Oranjefroulju sieten yn de pûl mei de nasjonale alvetallen fan Sweden, Switserlân en Noarwegen. Fan Switserlân koene se winne, mar fan Noarwegen hawwe se dik ferlern.