Auto rydt yn Snits supermerk yn

09 mrt 2016 - 15:30

Yn Snits is woansdeitemiddei flak nei healwei trijen in auto in supermerk ynriden. It giet om de Poiesz oan de Keizersmantel. Neffens de plysje waard de auto bestjoerd troch in frou. Sy is foar kontrôle oerbrocht nei it sikehûs.

Neffens assistint-bedriuwslieder De Jong hat de automobiliste har mooglik fersind mei it skeakeljen. Sy wie yn shock nei it ûngelok. De frou hat mei har auto fjouwer stellingen rekke. Dy stean hielendal út it lead. 

Op it stuit fan it ûngelok wiene gjin klanten yn it part fan de winkel dêr't de frou ynried. It personiel is bot skrokken. "Ik seach ynienen de stelling mei chips de winkel ynkommen", sa seit De Jong. "Ik gong der as in gek hinne en dan sjochst ta dyn skrik dat in auto 5 oant 6 meter de winkel ynriden is. It is ien grutte ravaazje.".

De Poiesz hat earst in skoftke ticht west, mar no is de winkel wer iepen. Der binne helptroepen út oare winkels oproppen om de ravaazje yn de winkel op te romjen.

Trefwurden: 
Snits supermerk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)