Simmeriis yn Alvestêdehal bliuwt langer lizzen

Alvestêdehal © Omrop Fryslân, Andor Faber
It simmeriis yn de Alvestêdehal yn Ljouwert bliuwt langer lizzen. De 400-meterbaan soe earst fan 13 juny ôf trije wike iepen, mar fanwege it grutte oantal oanfragen om yn dizze wiken ride te kinnen, wurdt dizze perioade ferlinge oant de start fan it nije reedridersseizoen. De shorttrackbaan giet in wike letter iepen. Teams, klups en rekreanten binne wolkom.