Plysje slacht flinke slach yn Ljouwerter drugshannel

© Omrop Fryslân
Mei de oanhâlding fan trije Ljouwerters en in Rotterdammer hat de plysje de hannel yn kokaïne en heroïne foar in grut part oanpakt. De oanhâldings waarde ôfrûne freed dien yn twa wenten oan de Coopmansstrjitte. Yn de huzen waarden 1100 boltsjes drugs, 4000 euro en in fjoerwapen yn beslach nommen.
Yn in auto en in skooter waard nochris 500 gram drugs fûn. Alle drugs wurde ferneatige en trije fan de fjouwer fertochten bliuwe fjirtjin dagen fêstsitten foar it ûndersyk. Neffens de plysje soarge de hannel foar in soad oerlêst.
De fertochten binne earder feroardield foar drugshannel.