Kollum: "KH 2018"

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.
"De ûnderwerpen fleagen dizze wike binnen, der wiene fan 'e moarn gâns toantsjes te fluitsjen. De gemeente Súdwest-Fryslân wol ynienen dochs wol wynenerzjy. Ja, dy peallen bin lestich sizze se, mar te deale, as we meidogge kinne we wol wat fertsjinje. Miskien kinne se dan de thússoarch wer betelje, al soenen se dêr wer net mei wachtsje moatte oant dy wynmûnen stean.
Fierder rekke ik op Twitter yn in diskusje fertize dy’t dizze dagen yn Dantumadiel oan ’e gong is. Watte, dêr is de revolúsje útbrutsen. Sels in wethâlder rint fuort fan it sindingswurk fan boargemaster Heldoorn. Gerben Wiersma, hy wol net mear fusearje, sa dwers as in Walterswâldster. Sa dwers, hy wol net iens fertelle wêrom't hy tsjin is. It hat wat fan: lit alles no mar sa´t it giet, wêr sille we ús noch drok oer meitsje. Oer ditsoarte misferstannen wol ik it no net ha. Sels net oer dat se by de provinsje âldere amtners freegje sille koarter te wurkjen. Dan kinne se wat jongeren beneame. Wat dêr allegear efter sit, want it hat te krijen mei de swakte fan de Fryske polityk, mar ach, dat fertel ik noch wolris.
Nee, we moatte it no ha oer Kulturele Haadstêd 2018. Want o wat springe en dûnsje we fleurich om de fontein hinne. Der kaam moandei berjocht dat ek de lêste keunstner dy’t in fontein meitsje moat yn ien fan ús alve stêden, no ek bekend is: Stefan Balkenhof út Dútslân komt as hillige nei Snits. O, wat bin we no ferskriklike bliid. Ik ha begrepen dat hiel Snits karnavalfierend bûten kaam ûnder it oangeand skreauwen fan jubel, en hurra, mar dan mei in u en twa er-ren. Freude yn Fryslân wie de kop yn de Snitser Krante. Alve keunstners smite dy fonteinen no yn Fryslân del. En we kinne der gjin harsens fan. Ik kin jim de nammen wol fertelle, mar jim kinne Cai Guo-Quang echt net. De keunstners komme fan Sina, Kameroen en Nigearia, of sa. Ut alle hoeken en gatten fan de wrâld donderje se yn ien haal ús hiele besteande kultuer ûndersteboppe. Wat moat dit goede keunstners wêze, se ha altyd stikem libbe, sûnder Nederlân lestich te fallen, stil wachtsjend op KH18. Earlik, der sit noch ien Nederlânsk frommeske by, Birthe Leemeyer, se hâldt ta yn Haarlem. Se hat Dokkum al feroardield ta in grouwélige diskusje, om't der in hiel plein ûnder har fontein ferdwine sil. En Dokkum wol sneins sa no en dan de winkels iependwaan, mar net ien kin dan mear de auto kwyt.
Yntusken is Fryslân ek gear oer KH18. Jim moat allegear moaie dingen betinke. Ja, net dat se dêr jild foar ha, se ha jild foar eigen saken noch net iens binnen. Se ha de gemeenten ek al útklaaid, dy ha neat mear by te dragen om jim te stypjen, en dy moat aanst dy fonteinen ek noch ûnderhâlde. Likegoed, seit KH18, it soe dochs moai wêze as it Fryske folk ús ideetsjes op eigen wize folgje soe. Ta myn ûntsetting kamen se yn Achtkarspelen mei it idee fan in optocht mei fersierde weinen. Tsja, dat is wol in hiel ferskil mei de gedachte dy’t de Japanner Sjinji Ohmaki hie foar de fontein fan Drylts. Der bin om KH18 hinne inkel mar fragen. Fragen dy’t de minsken my sels op de jûnen, dat ik lêzinkjes hâld oer sjoernalistyk, stelle. Dan blykt dat net ien wit wat hy fan KH18 ferwachtsje kin. We ha lêzen dat we meidwaan moatte, mar witte net hoe as wat. En ik wit dat ek net. It wurdt tiid dat de 17e grutte lieder fan KH18, de Belch Lieven Bertels út de finzenis komt en kontakt makket mei de befolking fan Fryslân. Hy moat dizze befolking entûsjamsearje om fan 2018 in geweldich jier te meitsjen en Europa, Nederlân mar foaral ússels sjen te litten wat we allegear wol net kinne ûnder it mom fan it wurd kultuer, dat krekt hjir altyd tige breed libbe hat. Mar hoe’t er it fersiere moat om de orizjinele doelstellings der by de Friezen yn te proppen en harren tagelyk de gelegenheid jaan sil om harsels te jaan as kulturele ienheid, dat soe’k net witte. Ek wol logysk, ik bin ommers gjin bûtenlanner."