Boargemasters gean net nei earste ljipaai, Jorritsma wol

De Fryske boargemasters komme dit jier de doar net út foar it earste ljipaai. De ôfpsraak is no dat de finer fan it earste ljipaai earst de BFVW warskôget. Nei't dy alles kontrolearre hat, geane se - sûnder aai - nei it gemeentehûs, dêr't de finer in oarkonde krijt.
Kommissaris fan de Kening John Jorritsma giet wol it lân yn om tegearre mei de finer nei it fynplak, mar sil it aai net oppakke om it te lotterjen. "Ik gean it lân wol yn, want it ljipaai heart by de Fryske tradysje. It net lotterjen is wol in streek troch de rekken."
De regels jilde ek foar it jonge of famke dy't it earste ljipaai fynt. Foar him of har stiet it sulveren polske klear, dy't deputearre Johannes Kramer útrikke sil.