Man foar de 23e kear oanhâlden foar riden sûnder rydbewiis
In 35-jierrige automobilist út Frederiksoord is tiisdeitejûn op It Hearrenfean oanhâlden neidat hy foar de 23e kear trappearre waard op it riden sûnder rydbewiis. Plysjes setten de auto fan de man op de Stadionwei oan de kant. Hy moast syn auto ynleverje en krige ek in boete foar it riden mei fjouwer glêde bannen.